Thús - 1 - 2 - 4 - 7 - A - B - C - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - R - S - T - U - V - W - Y - Z



Op fryskekameleonfilm.nl fine jo alle Fryske muzyk en films op cd as dvd. Klik op ien fan de letters as sifers hjir boppe om in oersjoch te krijen fan alle skiven mei dy begjinletter as klik op Thús om nei in samling ferneamde skiven te gean.


Brel, in Fries


Brel, in Fries (1990)

De by syn libben al legendaryske Flaamske chansonnier Jacques Brel (1929-1978) brocht Frânske chansons oer dingen, dy't elk minske oansprekke. Alle ûnderwerpen tusken libben en dea, tusken haat en leafde hat Brel ferarbeide ta prachtige en yn it moed taastende chansons, dy't er op sa'n krêftige wize oer de fuotljochten smiet, dat syn chansons de hiele wrâld oer ferneamd waarden. Hertstochtlik besjongt Brel de leafde , dêr't er hieltyd wer foar troch de knibbels giet. Hy snakt nei in bytsje oandacht, sjocht wanhopich út nei de meiminske, trapet wraaksuchtich nei de machthawwers. As gjin oar fiert Jacques Brel de spanning yn syn chansons op, net allinnich troch in klimaks yn 'e tekst, mar ek troch it muzikale tempo op te driuwen. De harmony tusken tekst en muzyk makket fan elk Brelnûmer in ûnferjitlik chanson.Op dizze kompakt skiif stiet in kar fan nûmers út it unike en opmerklike chansonprogramma "Brel, in Fries", dat har première belibbe hat op 14 oktober 1989 yn it Posthuisteater fan it Hearrenfean. Om Brel foar it eigen Fryske publyk fersteanber te meitsjen binne de fan oarsprong Frânske teksten foar dizze gelegenheid ferfryske. De teksten binne ferrassend en werkenber oerset troch Jaap Duijs, Tsjêbbe Hettinga/Wilco Berga en Baukje Wytsma/Hylke Goïnga. Douwe Heeringa sjongt Jacques Brel. No net yn it Frânsk of yn it Nederlânsk, mar yn it Frysk!

1 Mathilde - Douwe Heeringa
2 Utering - Douwe Heeringa
3 It gas - Douwe Heeringa
4 In eilân - Douwe Heeringa
5 Ik bin in simmerjûn - Douwe Heeringa
6 Berber - Douwe Heeringa
7 De dwazen fan 'e lette nacht - Douwe Heeringa
8 Ien foar d'oar - Douwe Heeringa
9 It flakke lân - Douwe Heeringa
10 Fanette - Douwe Heeringa
11 Fertwiveling - Douwe Heeringa
12 In sliepende stêd - Douwe Heeringa
13 Clara - Douwe Heeringa
14 In freon dy't gûlt is oars - Douwe Heeringa
15 Mei de leafde yn it liif - Douwe Heeringa
16 Leafste bliuw by my - Douwe Heeringa